Stoarm: inkeld moarnsboat

10 jan 2007 - 15:14

Rederij Doeksen hat de boattiden nei Flylân en Skylge oanpast fanwege de stoarm. Tongersdei fart inkeld de moarnsboat nei beide eilannen. Foar woansdeitenacht en tongersdei wurdt in súdwesterstoarm ferwachte mei wynkrêft 10 of 11.

Freed farre de boaten wer like faak as oars. De feartsjinsten nei It_Amelân en Skiermûntseach hawwe nei alle gedachten gjin problemen. Dêr farre de boaten neffens skema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)