Peter de Vries nei DSB-ploech

© Omrop Fryslân
Maratonreedrider Peter_de_Vries rydt takom seizoen foar de DSB-ploech. Hy stapt oer fan de Proteqploech. De_Vries hat in kontrakt foar ien jier tekene. By DSB rydt ûnder oaren de Nederlânsk kampioen Ingmar_Berga.
Haadsponsor Proteq hat besletten net fierder te gean mei in eigen ploech yn it maratonreedriden. Dêrtroch gean ek Jan-Maarten_Heideman en Peter_Baars oer fan Proteq nei DSB.