Borst nei de De Haan-Westerhoff

10 jan 2007 - 14:20

De Fryske maratonreedrydploech De Haan-Westerhoff hat foar takom seizoen Ruud_Borst fan Sint_Nyk kontraktearre. De 34-jierrige Borst rydt op dit stuit noch foar de Proteqploech. Syn kontrakt rint dêr oan 'e ein fan it seizoen ôf.

Earder ried Borst ûnder oaren foar Frisia en DSB. De Haan-Westerhoff hopet mei de ûnderfining fan Borst de ploech op in heger nivo te bringen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)