Ledewinst by ChristenUnie

© Omrop Fryslân
Politike partij de ChristenUnie hat der ôfrûne jier in soad nije Fryske leden bykrige. Alle ôfdielings melde in taname fan it tal leden. Mei-inoar kamen der hast 250 nijelingen by.
Smellingerlân is koprinner mei 36 nije leden. Fierders boekten Ljouwert, Dongeradiel en Achtkarspelen ek in ledewinst. En yn Nijefurd is in nije ôfdieling mei 45 leden oprjochte. De ChristenUnie die it ek goed by de lêste gemeenteriedsferkiezings.