Stjerrewacht Burgum populêrder

10 jan 2007 - 10:12

Streekmuseum/Folksstjerrewacht Burgum hat ferline jier goed 7700 besikers hân. Dat binne 1500 mear as oare jierren. De gruttere tarin komt troch de nijbou, in oare opset fan 'e kolleksje en troch de nije eksposysjes. Boppedat kin der ek better parkeard wurde.

Wat ek meispilet by de taname is de oanmelding fan gruttere groepen. De Folksstjerrewacht stribbet dit jier nei 8000 besikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)