Pyromaan aktyf yn Gaasterlân

De brannen yn Wikel en Sondel fan heal desimber binne it wurk fan in pyromaan. Sûnt 2004 hawwe der tolve brannen west dy't nei alle gedachten troch ien en deselde dieder of dieders oanstutsen binne.
De brannen wiene yn de omkriten fan de Vogelzangwei en de Dellebuursterwei, dêr't op 17 desimber twa pleatsen útbaarnden. De plysje frege tiisdei yn it programma Plysjepost om tsjûgeferklearringen.