Cambuur wol ferhúzje

© Omrop Fryslân
Cambuur wol ferhúzje nei it gebiet achter WTC Expo. Foarsitter Wim Sleijffer fan 'e ried fan kommissarissen sei dat tiisdei op de nijjiersresepsje. Hy wol op syn minst dat projektûntwikkelder Accoladegroep en de gemeente in mooglike ferhuzing ûndersykje foardat begûn wurdt mei de bouplannen by it âlde stadion.
De Accoladegroep en de gemeente binne dwaande mei plannen foar de werynrjochting fan it Cambuurgebiet.