Sulejmani komt wat letter

© Omrop Fryslân
De nije oanwinst fan SC_Hearrenfean, Miralem_Sulejmani, sil him oan 'e ein fan 'e wike pas melde by de club. De oanfaller wachtet no noch op syn ferbliuwsfergunning. Sadwaande kin de 18-jierige Serviër tongersdei net mei nei it trainingskamp yn Seelân.
Trainer Verbeek kin ek beskikke oer Michael_Bradley. De Amerikaan wie oproppen foar it nasjonale team ûnder 21, mar SC_Hearrenfean wol him brûke tsjin PSV op sneon 20 jannewaris.