Brân yn blommesaak Jobbegea

09 jan 2007 - 14:08

Yn Jobbegea is brân yn in blommesaak oan de Jelle_van_Damwei. De korpsen fan Jobbegea, Nijehoarne en De Gordyk hawwe de brân bestriden, mar koene net foarkomme dat de saak útbaarnde.

De brân begûn middeis om in oere of ien. De wente boppe de blommesaak moat as ferlern beskôge wurde, de blommesaak ek. Omlizzende wenten hawwe efkes ûntromme west fanwege de reek. De oarsaak fan 'e brân is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)