Fernielerij fan autospegels

© Omrop Fryslân
In Ljouwerter fan 29 jier en in Harnzer fan 47 jier binne moandei yn Ljouwert oanhâlden. De arrestaasje wie de jûns op it Ruterskertier. De reden fan de oanhâlding is fernielerij fan autospegels. In tsjûge hie sjoen dat de manlju op de Twibaksmerk autospegels fernielden.
Omdat de plysje in goed sinjalemint krigen hie, koenen de manlju gau oanhâlden wurde. It twatal sit fêst op it plysjeburo.