Trettjin man oppakt foar stellen

© Omrop Fryslân
De plysje Snits hat trettjin fertochten oppakt foar ynslûpen en stellerij yn 'e gemeenten Snits en Wymbritseradiel. Fjouwer sitte noch fêst en wurde ek noch fertocht fan ôfparsing. De oare njoggen binne nei ferhear wer frijlitten.
Fan augustus oant en mei novimber binne tweintich oanjeftes binnenkommen oer de saak. Ek de oerfal op in winkel oan it Snitser Noarmandiaplein makket diel út fan it ûndersyk.