Wetterskip baalt fan provinsje

De feart by Ryptsjerk
Wetterskip Fryslân is hiel ûngelokkich mei it beslút fan Provinsjale Steaten om it behear fan in grut oantal sleatten en kanalen oan it wetterskip ta te wizen. It giet net om de grutte kanalen, lykas it Van Harinxmakanaal, mar wol om de lytsere rûtes. It giet dan wol om hûnderten kilometers.
It wetterskip moat no soargje dat de farrûtes útbaggere wurde, mar hat dêr hielendal gjin jild foar. Gefolch is dat de wetterskipslêsten omheech moatte.