Wolvegeasters 79e yn Dakarrally
De twa Wolvegeasters dy't meidogge oan de Dakarrally binne moandei op it 79ste plak einige. Op harren website sizze Marcel_Schoo en Roelof_Koning tefreden te wêzen mei dat risseltaat.
De rally begûn sneon foar de Wolvegeasters mei in soad maleur. De measte problemen binne ûnderwilens ferholpen. De tocht fan Lissabon nei Dakar duorret oant en mei 21 jannewaris.