Boeredochterkalinder populêr

© Omrop Fryslân
It Grinzer studintebedriuw Young_Sensation hat sechtich oanmeldings krigen fan boeredochters dy't wol op in kalinder wolle. It bedriuw wol de kalinder ein dit jier op 'e merk bringe. De studinten hawwe al in fotograaf fûn dy't de foto's foar de kalinder fergees meitsje wol.
Boeredochters dy't noch op de kalinder wolle kinne har noch oant 15 jannewaris oanmelde op www.boerendochterkalender.nl.