Te min plysjes op It Bilt

© Omrop Fryslân
Boargemaster Aucke_van_der_Werff fan It_Bilt liedt de needklok oer de_krapte oan plysjeminsken yn syn regio. Boppedat is neffens him ek mar de helte fan de plysjeminsken op strjitte aktyf.
Nachts rydt der no mar ien plysjeauto yn de fjouwer Middelseegemeenten. Ek de ferdieling tusken plysjeminsken op it plattelân en yn 'e stêd is neffens him net goed. Van_der_Werff seit dat net mear te akseptearjen.