Soarchynstellings fusearje

© Omrop Fryslân
Yn Noardeast-Fryslân binne in tal soarchynstellings fusearre ta de nije Soarchgroep_Pasana. Dy bestiet út de stiftingen Talma_Sionsberg út Dokkum, Soarchsintra_Dongeradeel út Dokkum, Soarchsintrum_Talma yn Feanwâlden, Bejaardenzorg_Ameland en sikehûs De_ Sionsberg yn Dokkum.
It giet no noch om in bestjoerlike fúzje, mar yn de takomst sil de gearwurking fierder útwreide wurde. Der wurkje 1600 meiwurkers by Pasana.