Auto sjit fan krik: Snitser dea

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan Snits is moandei om it libben kaam, doe't de auto dêr't er oan wurke fan de krik skeat. De man krige dêrtroch de auto op him. Nei it ûngelok waarden ferskate ambulânses en de traumahelikopter út Grins ynskeakele. De helpferlieners koenen net foarkomme dat de man ferstoar.
Hoe't it kin dat de auto fan de krik rekke is, wurdt noch ûndersocht. It ûngelok barde op it hiem fan de Snitser.