Hege stjerte ûnder einen

Der binne it ôfrûne jier in rekordtal einen deagien yn Ljouwert. It binne yn totaal goed 260. Nei alle gedachten is de deasoarsaak botulisme. Yn 2005 wiene it der mar 60. Fierwei de measte deade einen wurde fûn yn it Rengersparkgebiet.
Der gean ek noch hieltyd einen dea, wylst der fan botulisme gjin sprake wêze kin. Omwenners binne benaud dat it komt om't der al in skoft net baggere is.