Zilveren Camera nei Britsumer

08 jan 2007 - 11:22

De Fryske fotograaf Laurens_Aaij út Britsum hat de Zilveren_Camera 2006 wûn. Aaij hat de priis wûn mei in foto fan de hynders op it Noarderleech. Hy portrettearre de hynders yn need foar de grutte rêdingsaksje. Yn it midden fan de foto stiet in wyt hynder. Neffens de sjuery in symboal fan hoop.

Foar de fotoferkiezing wiene 9000 foto's ynstjoerd. Laurens_Aaij wurket foar fotoparseburo Het_Hoge_Noorden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)