Harnzer (16) misdraacht him

08 jan 2007 - 10:56

Yn Harns hat de plysje sneintemoarn in 16-jierrige Harnzer oanhâlden foar mishanneling en mislediging. De knaap hie foar in kafee in 34-jierrige Hijumer slein en driigjende taal nei him útslein. De fertochte is foar ferhoar meinommen en ynsletten.

Omdat de oanlieding foar de slaanderij noch ûndúdlik is, praat de plysje noch fierder mei belutsenen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)