FNP wol yn bestjoer wetterskip

08 jan 2007 - 10:00

De FNP wol mooglik meidwaan oan de kommende wetterskipsferkiezings. Foaroanman Kramer sei sneon op de nijjiersgearsit fan de partij dat der FNP'ers yn it bestjoer fan it wetterskip komme moatte. Op dy manier kin de FNP meiprate en beslisse. De FNP fynt dat it kabinet net goed mei de wetterskippen yn it lân omgiet. It wetterskip soe ûnderbrocht wurde moatte by de provinsje. Sa wurde de belangen fan alle Friezen tsjinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)