Wyldpissers oanholden

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein optreden tsjin wyldpissers yn Snits en Ljouwert. Yn Snits waard in 30-jierrige ynwenner fan Heech bekeurd. Net allinne pisse er bûtendoar, ek woe de man net meiwurkje en him net legitimearje. Op it buro hat er in bekeuring krigen.
Datselde barde ek mei in 46-jierrige man yn Ljouwert. Hie stie op De Weaze tsjin in gebou te pisjen. Dêrnei joech er de plysje in falske namme op.