Man oanholden foar joyriding
De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in 19-jierrige ynwenner fan Winaam oanhâlden op Skylge fanwege joyriding. De man hie in auto stellen oan de Willem Barentszkade yn Skylge West en wie dêr mei in freon mei oan de haal gien.
De Winamer wie dronken en net yn besit fan in rydbewiis. De eigner fan de persoane-auto is troch de plysje ynformearre.