Langwar wol nije skoalle

© Omrop Fryslan, Femke de Walle
Mear as hûndert learlingen fan basisskoalle 't Swannestee yn Langwar ha tongersdei aksje fierd foar in nije skoalle. De skoalle dy't der no stiet is al 100 jier âld en foldocht net mear oan de easken. Der sitte skuorren yn de muorre en it CO2-gehalte is fierstente heech. Dêrtroch moatte faak de ruten iepen, mar dan ferklomje de learlingen.
Learlingen, learkrêften en leden fan de âlderried wiene op it gemeentehûs fan Skarsterlân om omtinken te freegjen foar de problemen.
Wethâlder Benedictus liet witte dat de skoalle op de list stiet om oan te pakken. Oft der ek echt in nije skoalle komt, leit oan de gemeenteried. Dy moat beslute oft der jild komt foar nijbou.