Vadeko Flyers winne wer ris

De iishockeyers fan de Vadeko_Flyers út Hearrenfean hawwe sneon mei 4-1 wûn fan Nijmegen. It wie de tredde oerwinning fan dit seizoen. Op 'e ranglist steane de Feansters noch hyltyd lêste mei seis punten út sân wedstriden. Nijmegen stiet ien nei lêste.
Snein moatte de Flyers oantrede tsjin Geleen, dat twadde stiet mei tolve punten út seis wedstriden.