Cambuur wint oefenduel mei gemak

© Omrop Fryslân
Cambuur hat sneon de oefenwedstriid tsjin it Belgyske KVVV_Maasmechelen mei 6-0 wûn. De nije spilers Marinus_Dijkhuizen en Koen_Brack spilen yn 'e basis. Oanwinst Bennie_van_Noord kaam yn 'e twadde helte yn it fjild.
De doelpunten fan Cambuur waarden makke troch Katipana, Dijkhuizen (twa kear), De_Wagt en Stegeman (twa kear). Maasmechelen spilet yn België op haadklassenivo.