FNP wol yn wetterskipsbestjoer

06 jan 2007 - 17:15

De Fryske_Nasjonale_Partij wol meidwaan oan de wetterskipsferkiezings. Dat hat de partij sneontemiddei bekendmakke op it nijjiersslokje yn Koarnjum.

Fraksjefoarsitter Kramer wol dat FNP'ers yn it bestjoer fan it wetterskip komme om meiprate te kinnen oer belangrike saken. Der binne al plannen om taken fan it wetterskip ûnder te bringen by de provinsjes, mar dat duorret de FNP te lang.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)