Ernst spilet remize by NK skaken

Skaker Sipke_Ernst út Damwâld hat sneontemiddei remize spile yn de heale finale fan it Nederlânsk Kampioenskip. Hy moast mei de swarte stikken tsjin Martijn_Dambacher. Dy kaam net troch de ferdigening fan Ernst hinne, en nei 34 setten einige it yn remize.
Jan_Werle út Beetstersweach moast it opnimme tsjin Manuel_Bosboom. Nei in moai pionoffer fan Bosboom dat Werle oannaam, wie it gau dien. Nei 25 setten moast er de kening omlizze.