Ferwûne by ûngelok Wolvegea

06 jan 2007 - 14:34

Yn Wolvegea is freedtejûn in 43-jierrige man ferwûne rekke by in ûngelok. Hy ried mei syn auto oer de Kruisstrjitte. Op in stuit hie er de auto net mear yn 'e macht. Dêrby rekke er it trottoir en botste dêrnei mei de auto op in beam.

De brânwacht hat de man út de auto weiknipt. De Wolvegeaster is mei ferwûnings oan 'e holle nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)