Mishanneling yn Snits

© Omrop Fryslân
De plysje docht ûndersyk nei de mishanneling fan in 21-jierrige Snitser. Hy waard freedtejûn yn de bioskoop yn syn wenplak útdage troch in oare man. Bûtendoar folge in fjochtpartij.
De fertochte rôp in maat derby en tegearre mishannelen se it slachtoffer. De fertochten binne in man (24) út Abbegea en in jongeman fan 20 jier út Drylts. De achtergrûn fan it ynsidint is noch ûnbekend.