Jachtbouwers op bedriuwepark

05 jan 2007 - 21:00

Jachtboubedriuwen moatte inkeld yn ien grut bedriuwepark útwreidzje kinne. Dat fynt de Hiswa. Dat bedriuwepark moat fier fan 'e rekreaasjegebieten lizze om it Fryske lânskip te sparjen. Sa'n nij jachtbousintrum hoecht ek net perfoarst oan it wetter te lizzen. Hiswa-regiokonsulint Jan Ybema hat dêr al oerlis oer hân mei de provinsje en in groep jachtbouwers. It Hearrenfean wurdt neamd as mooglik festigingsplak foar in nij jachtbousintrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)