Niek Loohuis nei SC Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Middenfjilder Niek Loohuis fan betelle fuotbalferiening Veendam spilet it takom seizoen foar SC Hearrenfean. Op de offisjele webside fan Veendam stiet dat de 20-jierrige Loohuis nei de medyske keuring in kontrakt foar trije jier tekenje sil by de Fryske klub.
Loohuis hat oant no ta oardel seizoen yn it earste fan Veendam spile. Dit seizoen hat Loohuis ien kear skoard yn tweintich duels.