Bus Nij Beets en Beetstersweach

© Omrop Fryslân
Yn Beetstersweach wurdt moandei de nije busferbining mei Nij_Beets offisjeel yn gebrûk nommen. Sûnt de start fan de nije tsjinstregeling fan Arriva kin rjochtstreeks mei de bus tusken de beide doarpen reizge wurde. De ynwenners fan Nij_Beets en doarpsbelang ha al faak om sa'n ferbining frege.
Op útnoeging fan Arriva sille sawat 40 ynwenners fan Akkrum, Aldeboarn en Nij_Beets moandei mei de bus oankomme.