Twa manlju mishannele

© Omrop Fryslân
De plysje hat freed in Ljouwerter (25) en in man (42) út Almere oanhâlden. De plysje krige in melding dat foar in hûs oan de Curacaostrjitte twa manlju mishannele wiene en dat dêrby yn de loft sketten wie. De plysje fûn de slachtoffers fan 16 en 31 yn it hûs. Se ha ferwûnings yn it gesicht en binne nei it sikehûs brocht.
De plysje koe de fertochten letter oanhâlde. Sy sitte fêst. De oanlieding fan de mishanneling is noch ûnbekend.