Flylân sit sûnder toskedokter

Op Flylân binne problemen mei de toskedokter. Toskedokter Schulpen hat syn kontrakt opsein mei fersekerder De Friesland. Hy wol in fergoeding ha fan 50.000 euro yn 't jier foar it wurkjen op it eilân. Oant no ta krige er 8000 euro yn 't jier. De soarchfersekerder giet net op it fersyk yn.
De eilanners moatte no foar help nei in toskedokter yn Harns. De Friesland sil op syk nei in nije toskedokter dy't wol op Flylân wurkje wol.