Unbegryp oer swierder fjoerwurk

© Omrop Fryslân
Boargemaster Lyklema fan Achtkarspelen begrypt net dat swierder fjoerwurk tastien wurdt. Hy sei dat yn syn nijjierstaspraak. Dat fjoerwurk hat mei âldjier foar mear skea soarge.
Ek gong de boargemaster yn op it drankgebrûk fan jongeren. Neffens de boargemaster oerheid en plysje de ôfrûne jierren in soad gesach ferspile. Hy sei dat we fiersten te tolerant west ha en dêr betelje we no de priis foar.