Trommel wol mear jild by Cambuur

© Omrop Fryslân
Ferdigener Jayson Trommel fan Cambuur driget fuort te gean. It kontrakt dat him oanbean is wurdt troch Trommel net akseptearre.
De spiler en syn saakwaarnimmer binne tige teloarsteld oer de hichte fan it leanstrookje. Trommel sil no sjen oft hy by in oare club oan de slach kin. Der is belangstelling fanút sawol oare clubs yn Nederlân as dêr bûten. Trommel kaam as amateur nei Ljouwert.