Aqua Zoo lûkt measte besikers

04 jan 2007 - 22:12

Dierepark Aqua_Zoo_Friesland by Ljouwert hat oer 2006 mear as 150.000 besikers lutsen. In spektakulêre groei fan mear as 30 persint. Dêrmei is Aqua_ Zoo, wat besikerstal oanbelanget, de grutste attraksje fan Fryslân.

Doel is om dit jier 180.000 besikers nei it park te heljen. Der binne ûnder oare seehûnen, apen en pinguins te sjen yn Aqua_Zoo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)