Multyfunksjonele iisbaan Menaam

© Omrop Fryslân
Yn Menaam moat in multyfunksjonele iisbaan komme. Dêrop komme boarterstastellen, in skatebaan en in plak om te folleybaljen. In part fan it iisbaanterrein wurdt ferhurde, sadat der simmerdeis mear mei te dwaan is.
Doarpsbelang wol hiel graach dat de iisbaan der komt. Dat it trochgiet, is noch net hielendal wis, mar alle politike partijen yn 'e gemeente Menameradiel binne posityf.