Fergese klean by 'kleanbank'

04 jan 2007 - 11:56

Yn Ljouwert is tongersdei in saneamde 'kleanbank' iepene. Minsken dy't it finansjeel dreech hawwe, kinne dêr fergees klean en skuon krije. De kleanbank is festige oan de Ferlingde_Skrâns yn de Fryske haadstêd.

De fraach nei fergese klean is grut. Der komme hieltyd mear yn Nederlân. Eask is wol dat de klanten in trochferwizing hawwe fan in helpferlienende ynstânsje of fan in tsjerke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)