Jonges (14) wolle auto stelle

04 jan 2007 - 10:19

Twa jonges fan 14 jier wurde derfan fertocht in auto stellen te hawwen. Se komme fan It_Hearrenfean. De plysje hat de jonges woansdeitejûn oanhâlden. Yn it sintrum seagen de plysjes dat ien yn in stege besocht in auto te starten. De jonges naaiden doe út.

Nei in koarte syktocht waard it twatal oppakt. De jonges hiene de auto iepenbrutsen, sa die bliken. De fertochten sitte noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)