Kabinetsformaasje yn Lauswolt

04 jan 2007 - 10:00

De petearen foar de kabinetsformaasje fine plak yn Lauswolt yn Beetstersweach. Yn it koetshûs dêr oerlizze CDA, PvdA en de ChristenUnie. Dat wurdt dien ûnder lieding fan ynformateur Herman_Wijffels. Der is foar in geheime lokaasje bûten Den Haag keazen om sûnder druk fan de media prate te kinnen.

De politisy sitte oant en mei freed yn Fryslân. Oare wike gean de petearen fierder yn Den_Haag.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)