Reade kaart by falsk brânalarm

03 jan 2007 - 13:50

Boargemaster Vroegindeweij fan Boalsert wol wat dwaan oan de falske brânmeldings yn har gemeente. By te folle meldings moat in bedriuw in reade kaart krije. By de earstfolgjende melding komt de brânwacht net mear automatysk del.

Boalsert hie ferline jier fyftich brânmeldings. Yn 80 oant 90 prosint fan 'e gefallen wie der neat te rêden. Dat kostet in soad jild én it kostet de brânwachtlju harren motivaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)