Goed jier foar Keninklike Smilde

03 jan 2007 - 06:26

De omset fan Koninklijke_Smilde op It_Hearrenfean is yn 2006 mei seis prosint tanaam nei 285 miljoen euro. De direksje giet der fanút dat ek de nettowinst in groei sjen litte sil.

By Koninklijke_Smilde wurkje 1200 minsken. It bedriuw bestiet út de divyzjes bakkerij, margarine, oalje en fetten, dierlike fetten en kuolfarsk. Dêr falt ek Fano_Fine_Food-salades út Easterwâlde ûnder, mar dy prestearre in stik minder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)