Undernimmers Grut Skavernek lilk

02 jan 2007 - 15:54

Guon ûndernimmers op it Grut_Skavernek yn Ljouwert binne lilk. Se hawwe oant no ta noch neat heard fan de gemeente nei de brân by Kota_Radja fan Ald en Nij. It restaurant gie folslein ferlern, mar ek oare gebouwen hiene grutte skea. De helptsjinsten hawwe ek noch neat fan harren hearre litten, sa fine de ûndernimmers.

De gemeente seit dat se noch eefkes geduld hawwe moatte. Tiisdei binne alle amtners wer oan it wurk gien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)