Fertochte misbrûk langer fêst

22 mrt 2012 - 10:17

De 44-jierrige Ljouwerte dy't fertocht wurdt fan seksueel misbruk fan syn buorfamke moat yn elk gefal noch 90 dagen fêstsitten bliuwe. Dat hat de rjochtbank fan Ljouwert woansdei bepaald. De man soe meardere kearen ûntuchtige hannelingen pleegd hawwe mei it 7-jierrige famke. Dat soe by him thús west ha.

De fertochte wie oppasheit op iepenbiere skoalle de Wynwizer en swimleraar yn Bloemketerp yn Frjentsjer. Dêr is neffens jusysje neat foarfallen.

De gemeente hat yntusken mei brieven âlders dy't bern op skoalle of swimles ha, op de hichte brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)