Brânwenten sa gau mooglik slope

De wente yn Drachten dy''t Nijjiersnacht ôfbaarnde en de oare twa dy't grutte skea oprûnen, wurde sa gau mooglik sloopt. De huzen stiene al op de nominaasje om delhelle te wurden. De brân ûntstie doe't jongerein in baarnend ding deryn smiet, nei alle gedachten in molotovcocktail.
De huzen binne eigendom fan Wenningbouferiening Smellingerlân. Se waarden wol befeilige, mar dochs koe der brân stichte wurde.