Provinsjemeiwurkers ferhuze

De earste wurkdei fan it nije jier begûn foar de meiwurkers fan de provinsje ûnwennich. Tiisdei wurkje se foar it earst fan út de tydlike ûnderkommen oan de Snitsertrekwei yn Ljouwert. Der stean fjirtich man klear om de njoggenhûndert meiwurkers it paad te wizen. De kommende trije jier wurdt it Provinsjehûs oan 'e Twibaksmerk ferboud en sitte de amtners yn kontainers by it eardere postsintrum.