Soad 'gûlers' yn seehûnekres

By de seehûnekres yn Piterburen binne de ôfrûne dagen mear as fjirtich jonge seehûnen binnen brocht. It giet dan om saneamde 'gûlers' dy't troch de hurde stoarm en de hege wetterstân fan de sânbanken ôf spield binne. Sa binne se de memmeseehûn kwytrekke.
Meiwurkers fan it opfangsintrum fine dat it tal ynbrochte jonkjes no wol hiel heech is. Benammen op it strân fan Skylge leine in_protte jonge seehûntsjes sûnder mem.