Folwoeksenen wolle mear sporte

02 jan 2007 - 09:00

Goed 150.000 folwoeksenen yn Fryslân wolle mear sporte en bewege om harren sûnens te ferbetterjen. Dat komt nei foarren út in ûndersyk fan de GGD ûnder minsken dy't no net genôch bewege.

Yn it ûndersyk is ek fêststeld dat minsken harren sûner fiele as se mear oan sport dogge. Oant 25 jier docht sawat trijekoart fan de befolking oan sport. Fan de 55 oant 65-jierrigen docht minder as de helte dêroan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)